Uw zoekacties: Films en geluidsopnames

Films en geluidsopnames ( Fries Film en Audio Archief )

Filter: Pyt Breukerx
beacon
3  films en geluidopnames
sorteren op:
 
 
 
 
Geluidsopname
AV0034FLMD Rinke Tolman, 1970
Datering:
1970
Titel Frysk:
Rinke Tolman
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
Oardiel oer tydskriften: Sljucht en Rjucht: wat slûch en boargerlik. De Tsjerne: tsien jier lyn Tolman syn gedicht oer 'santich jier' yn publisearre ('De tiid rint hurder as in hazzewyn'). Yn Eigen Haard en De Nieuwe Gids hat Tolman ek wol Fryske gedichten skreaun. Fryske literatuer is Europeesker wurden, mei troch Kalma (Shakespeare), ek te sjen oan Prampolini dy't Fryske fersen oerset hat. Foar Fryslân sjocht Tolman leafst agraryske ûntjouwing, leaver as industriële en rekreative: rekreaasje moat miskien wol, mar is it kapot meitsjen fan de natoer. JF beweging beynfloede troch Ingelsk (Shelley, Shakespeare, fia Kalma) en Hollânsk (Tachtigers, Nieuwe Gids - yn haadsaak it sonnet). Tolman hat op kweekskoalle Grins sitten. Op in dei fuortrûn nei konflikt mei direkteur Leopold, dy't Tolman net de kâns joech him te ferdigenjen tsjin in misse beskuldiging. Net skoalmaster wurden, dêrnei nei Amsterdam gien, skreaun foar blêden. Tolman syn frou Käthe Mussche soe Heine oersette yn it Hollânsk mar doe't se in diel hast klear hie, kaam in oare útjouwer der al mei. Films: Tolman wit noch fan in film dat Chaplin by in monumint stie en yn fiktive wurden - praat dat op Frânsk en Italjaansk like - de gek hie mei de 'sprekkende film' (Modern Times). Muzyk en skilderkeunst: wurdearret Tolman o sa. By muzyk sjocht er by bepaalde kleuren, en muzyk ropt ek in gedicht op 'dêr't ik sels noch net fan wit wêr't it oer gean sil'. Polityk: heit wie liberaal, Rinke mear sosjalistysk, as soldaat al in kritysk stik oer misstannen skreaun. Letter lid wurden fan PvdA, yn ried Soest sitten, mar as yndividualist wol tsjin partij yn stimd, dus twadde kear net wer op ferkiesber plak (noch al hast mei foarkarstimmen deryn). Blauwe Knoop: hat Tolman lid fan west, en sels rige sonnetten oer skreaun. Mar letter tocht: in keardel dy't o sa sûpt kin wol in gever minske wêze as ien dy't net drinkt. Einoardiel: bliid dat ik mei de Jongfryske Mienskip yn kontakt kaam, nei publikaasje sonnet.
Ynhald:
Rinke Tolman (1891-1983) dielt syn oantinkens oan de Jongfryske Mienskip. Petear yn Soest. Pyt Breuker rint mei him de fragen del.
Tolman hat gjin lid west fan de JFM mar omtrint 1918 naam Kalma kontakt mei him op, nei't Tolman in pear Fryske sonnetten publisearre hie yn de Ljouwerter Krante en yn Sljucht en Rjucht. Frou gjin lid, wol belangstelling foar literatuer. Tegearre skreaun 'Wij vergeten niet', oer de oarloch. Tolman gjin lid, yndividualist, wit net safolle fan JFM. Lângeanne: wat yn it Hollânsk 'landjuweel' hjit. Dominearjend: Douwe Kalma wie it haad fan alles, generaal-eftich, Sybesma wie nueter. Doel JFM: bewize dat Frysk in taal wie dy't Europeeske hichte rikke koe, lykweardich oan offisjele talen, boppe dialekt út. Persoanlike kontakten: mei Kalma, Sybesma en Van der Galiën. Kalma fytste wol fan Raerd nei Ljouwert, oer Wytgaard dêr't Tolman wenne, suster fan Tolman wie wat fereale op Kalma, sa kaam it kontakt ta stân. Tolman hat Kalma syn wurk altyd 'te serebraal' fûn. Hat Tolman wol beynfloede en oantrune, mar 'hy wie my te tyrannyk en net earlik'. Twadde rige publikaasjes fan Tolman, dy't earne oars ferskynden mar fan itselde nivo wiene, sette Kalma yn it ferdomhoekje. Sybesma: gjin kontakt mear mei nei komst Dútsers. Spyt my fan sa'n jonge. Wumkes hat ek joechhei roppen doe't de Dútsers kamen, mar dat is him ferjûn, it hat in koarte oerdwealskens west. Jongfriezen groeten elkoar mei 'Brio!'. Wurdkar; der kamen hollânismen yn foar, mar ek purismen, Kalma sei Hollânsk yn stee fan Nederlânsk. Oer rjochtsposysje Frysk: ynterviewer Breuker seit dat trije jier lyn Rindert Straatsma syn trouakte yn it Frysk ha woe, mar dat waard net tastien (1968). Frysk yn tsjerke: dûmnys faak Frysk net machtich, dat 'it sil wol faak yn it Leechlânsk gien wêze'. By Tolman yn Soest wenje nochal wat Friezen. Nije stavering fan 1946: 'hantearberder'. Tolman sit yn oer de takomst fan it Frysk, sjoen de ymport fan minsken dy't de taal net machtich binne.
dichter:
Rinke Tolman (Oosterzee 25-5-1891 - Amersfoort 12-3-1983)
Maker:
Pyt Breuker
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
2:06:52
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum
 
 
 
 
 
Geluidsopname
AV0030FLMD Anne Jousma, voor 16-7-1971
Datering:
voor 16-7-1971
Titel Frysk:
Anne Jousma
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
Fryske folk hat altyd in folk, in naasje west, mar de JFM woe it folk him dêr bewust fan meitsje. Nasjonalist is in smoarch wurd wurden, mar de wrâld bestiet no ienris út naasjes, seit Jousma. Typysk lid krite Veluwe-Betuwe wie Sieger Boukema, de skilder. Rintsje P. Sybesma wie dé dichter neist Kalma yn it begjin. J.P. Wiersma ien fan de foaroansteande figueren fan de JFM, artistyk. Fan alle JFM-kontakten hat Kalma it swierste aksint op myn libben lein, oant no ta, seit Jousma. Jongfryske gjalp: Brio! Men sei: rop fan skipper as de brêge op moast. Brio! (Brêge op!) Praten: Kalma altyd in bytsje steatlik, oar timbre; guon oaren ek wat in útsûnderlik lûd. Posysje Frysk is neffens Jousma al foarút gien sûnt 1915. Frysk moat as nasjonale taal plak ha op skoalle, oars as dialekten. Frysk prate: altyd as it kin, 'as ik nei Fryslân reizgje set ik by Wolvegea de oare lûdsprekker oan'. Stavering: is in middel, ienfâldiger meitsje hat gjin doel, hieltyd feroarje jout allinne mar ûnwissens en mear flaters. Jousma soe graach in Frysk tydskrift ha dêr't alle streamingen plak yn fine. De Tsjerne wie dat, mar no't 'de moderne hearen' it dêr foar it sizzen ha (Riemersma en co) krijt Jousma alles werom wat er ynstjoert. Jousma set him ôf tsjin dat 'moderne gedoch' yn de literatuer. Oer it ideaal fan de JFM. Hoe tocht it gewoane folk oer de Jongfryske Mienskip? 'Ik tink dat it gewoane folk der amper fan witten hat.' JFM hat koart bestien, mar wol de grûnslach lein foar dingen dy't tsjinwurdich yn it Fryske kultuerferbân fanselssprekkend binne. Beynfloede troch Tachtigers? Grif. Utere him ûnder oare yn it skriuwen fan sonnetten. Jousma sels: fersen, ferhalen, toanielstikken. Jousma mei net oer it wurk fan Anne Wadman en Trinus Riemersma, fynt it skriuwen oer it seksuele libben yn moderne literatuer 'kru', mei ek net oer moderne tendinzen yn muzyk en skilderkeunst. Jousma neamt himsels tige religieus mar net kristlik.
Ynhald:
Anne Jousma jout syn oantinkens oan de Jongfryske Mienskip, yn petear (Den Haach, Parsifalstr. 23) mei Pyt Breuker, oan de hân fan de fêste fragelist.
Berne 1900 te Grins, grutbrocht yn Easternijtsjerk, 15-19 jier kweekskoalle Grins. Yn kontakt mei JFM fia Jaap Hartmans yn Nijtsjerk. Skriuwe yn it Frysk. Sa waard er desimber 1919 meidogger oan Frisia. Yn 1920 wurk yn De Valk ûnder Lunteren. Per 1-1-1921 wurk yn Aldtsjerk, doe by krite Burgum. JFM hie in 800 leden, warber sjongkoar mei Wiersma. Oant Kalma kêsten opnaam dat de Mienskip him útdruklik sosjalistyk neamde. Jousma hat skreaun yn Frisia, Heitelân, Holder, Tsjerne. Yn de Tsjerne yn debat mei Anne Wadman. Meispile yn Jongfrysk Toaniel. Diva's wiene Af de Lange (mem fan Willeke) en Anne Quarles van Ufford. Kalma sels en J.P. Wiersma en Kees Iest spilen mei. Lângeanne wie Landdag, alle kriten by elkoar. De JFM hie departeminten, fan Folksferhâldings (Marten Castelein, Werga), Folkskrêft (Anne Dekinga, Lekkum), Folksûntjouwing (Kalma sels), Wittenskip (Bonne Dykstra) en Keunst (wie fakant). Kampen op it Amelân, dit eilân hie foar Kalma djippe betsjutting, hy hie it idee dat it mooglik it âlde Foste-lân wie, oerbliuwsel fan it âlde Fryslân. JF Toaniel mei Wiersma spile stikken fan Kalma. Jousma deklamearret strofen, om de sjongsumens en dichterlikens te demonstrearjen. Dominearjende figueren: Douwe Kalma. Tsjinkrêften lykas Jelle Brouwer. Wouter Zwart (wie fredestichter). Kalma en Kiestra keazen kant fan de Dútsers, om't se kansen seagen foar Fryslân. Untstean JFM 1915. Kalma soldaat yn Den Haach, dêr yn de kunde mei Simke Kloosterman. JFM oprjochte ûnder learaar Piter Sipma, dy wie mooglik earste foarsitter, tinkt Jousma. Doel wie it nasjonale fielen fan it Fryske folk nei foaren te heljen. Konflikt 1922 om kêsten oer sosjalisme: krite Burgum is doe royearre. Fan de 800 leden bleaune 300 of 200 oer. Wie ûndergong fan de Mienskip. Kalma wol in grutte geast, mar gjin geskikt lieder.
dichter:
Anne Jousma (Groningen 3-3-1900 - Den Haag 22-07-1981)
Maker:
Pyt Breuker
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
2:27:43
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum
 
 
 
 
 
Geluidsopname
AV0029FLMD Inne de Jong, 24-09-1970
Datering:
24-09-1970
Titel Frysk:
Inne de Jong
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
JFM: frijwat Jongfrysk idioom, wat literêr; Kalma hie in hiel eigenaardich aksint, Fedde Schurer koe him neidwaan. Kalma kaam altyd nei Warns, betinking op it Klif. Schurer wie der altyd, EBF, Jan Piebenga, Douwe Tamminga, Geart Jonkman. Lyts fermidden kaam der net. De Jong brûkt wurd nasjonalisme leaver net, mar Frysk nasjonalisme. Soe foarstanner wêze fan echt Frysktalige gebieten. Wit noch fan foar syn trouwen. Soe him as sprekker net ferbrekke, mar oaren, giene by protest flot oer op Hollânsk. Frysk skriuwen sels leard. Skreau wol ûnder pseudonym Galema. Doel JFM neffens De Jong. Upstalbeam: lid fan west, mar grutfryske yllúzje gau farre litten. Grutfrysk Striidboun: ek by west. Nei revolúsje yn KFS, bestjoer ôfsetten. Guon mienden wol hûndert leden, it wiene mar seis man, it wie in sel, mar wol warber. Grifformeard Selskip: histoarysk fersin. Lieding Daniël vd Meulen, Uddo, haadredakteur FD. Anekdoate oer 'Uddo en syn generale repetysje foar de Jongste Dei', artikels fan Schurer. Striidboun Fryslân Frij: hat wol pear hûndert leden hân. Tydskriften. E.B. Folkertsma en Tsjûgenis: Schurer, Brouwer en De Jong oan syn kant, dêr kaam komplot tsjin lieding KFS út fuort. De Holder. De Tsjerne. Ek Suriname-nûmer, Noarwegen-nûmer, Israël-nûmer en mear. Belangstelling fan bûten altyd goed. Anekdoate oer Prampolini en Marsman. Prampolini frege Marsman wat er fan de Fryske literatuer fûn, Marsman wist der ta syn skamte neat fan. JFM efternei besjoen gjin direkte neifolging Tachtigers, wol parallellen. Toaniel. Hat Lucifer fan Vondel fierhinne út de holle kend. Schurer hie folle mear literatuer yn de holle en koe yn debatten sa hiele stikken tapaslik oanhelje. Hat filmbesprekkings skreaun. It seksuele yn de (Fryske) literatuer. Wie 'jonge neokalvinist', mar waard reader, passifistysker, koe doe net by Friesch Dagblad bliuwe. Letter PvdA, PSP. Eins altyd passifist west. By Kerk en Vrede, CDU, faak derop út om te sprekken, ek wol mei Fedde Schurer.
Ynhald:
Inne de Jong (1894-1975), noch te Amsterdam, jout syn oantinkens oan de Jongfryske Mienskip.
Pyt Breuker rint mei him de fragelist del. Soad anekdoaten, benammen oer Fedde Schurer, mei him wie De Jong tige befreone. De Jong rekke as redakteur van Friesch Dagblad yn polemyk mei Douwe Kalma. Sa yn 1917-1918 yn kontakt mei de Fryske Beweging, dêr't Schurer doe al alles fan ôf wist. De Jong en Schurer by CDU. Kalma op in stuit ek, mar wie hielendal gjin kristendemokraat. Persoanlike striid tusken E.B. Folkertsma en Douwe Kalma. Ynfloed JFM: it Frysk nasjonalisme, it brekken mei de folksskriuwerij. As jonge minsken tige ûnder de yndruk fan 'Kening Aldgillis', dat Kalma diels yn tsjinsttiid skreau. Net folle nei gearkomsten JFM, om't er meiwurkjend lid fan it (Kristlik Frysk) Selskip wie. Folkertsma net mear by de beweging, hie syn ienmanstydskrift Tsjûgenis. Wiene de reboeljemakkers yn it KFS, krige yn 1924 syn beslach. Kalma en Schurer binne dikke freonen wurden. Dominearjende figueren JFM. De Jong hat mei Lolle Nauta polemyk fierd oer wat Nauta neamde de 'myte fan de Jongfryske Mienskip. Betsjutting histoarysk besjen. Anne Quarles van Ufford die in soad, joech yn lettere dagen noch altyd Fryske les yn Snits, op 'e brommer derhinne. Koe moai foardrage, bytsje manlik lûd. Luts de oandocht, wie kammeraad mei elkenien, die der in soad foar, út oertsjûging, net út idelens. Ien fan de foaroansteande figueren. Har hûs waard in tehûs foar Kalma, foar de striders, trof wolris dat Kalma en Folkertsma der tagelyk kamen. Oprjochting Upstalbeam hat De Jong by west. Listke foaroansteande Jongfriezen. Jout syn miening oer E.B. Folkertsma. Meldt dat der 'dit jier noch' (1970) in bondel artikels oer Folkertsma ferskine sil. De Jong fertelt oer freonskip mei Fedde Schurer. Fertelt ek oer de amtlike fêstlizzing fan de namme Amarins foar syn dochter. Wike Zijlstra: praktysk en warber lid JFM, trou oan Kalma, hat him ferdigene en fersoarge, seldsume freonskip.
dichter:
Inne de Jong (Nijemirdum 13-9-1894 - Balk 27-3-1975)
Maker:
Pyt Breuker
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
31-12-1899
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum